Slach op de Grutte Flakten

Slach op de Grutte Flakten
Slach by de Bagradas
Part fan de Twadde Punyske Oarloch

Kaart fan de Slach op de Grutte Flakten (Italjaansk)
datum: 203 f.Kr.
plak: By de rivier de Bagradas, hjoed-de-dei de Medjerda, Tuneezje
útkomst: Romeinske oerwinning
konfliktpartijen
Kartago
Massesyljers
Romeinske Republyk
Massyljers
befelhawwers
Hasdrubal Gisko
Syffaks
Skipio Afrikanus
Massinissa
Gaius Laelius
sterkte
neffens Polybius:
• 30.000 manlju
• 4.000 Keltibearyske ynfantery
hjoeddeistige rûzings:
• 20.000-30.000
neffens Polybius:
• net neamd
hjoeddeistige rûzings:
• 12.000-20.000 manlju
ferliezen
• measte sneuvele en finzennommen • net bekend

De Slach op de Grutte Flakten (Latyn: Campi Magni), ek bekend as de Slach by de Bagradas, wie in slach dy't útfochten waard tusken de Romeinske generaal Skipio Afrikanus en in kombinaasje fan Kartaachske en Numidyske striidkrêften letteroan yn de Twadde Punyske Oarloch. De slach waard útfochten op de flakten besuden Bulla Regia oan de rivier de Bagradas, hjoed-de-dei de Medjerda yn Tuneezje. De oanfal moast Hannibal ôfliede, dy't de Romeinen yn Itaalje oanfoel. Troch de Kartagers yn harren thúslân te ferslaan, twong Skipio Hannibal Itaalje te ferlitten en werom te kearen nei Afrika om letter yn de Slach by Zama ferslein te wurden.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search